Kompromis oer ferkeap Nuon

16 jun 2009 - 17:25

De koalysjepartijen yn it provinsjaal bestjoer ha in kompromis berikt oer de besteging fan it jild út de ferkeap fan Nuon. Ferline wike drige it kolleezje te fallen om't de partijen it net iens wurde koene oer dat bedrach. As kompromis komme se út op 252 miljoen.

Underdiel fan it akkoart is ek in ôfspraak dat de opsinten net heger wurde meie as it lanlik gemiddelde. De Steaten hawwe tiisdei noch ien oere praten oer de Nuonferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)