Kompromis Caleidoscoop/H'fean

20 sep 2010 - 17:20

Wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop en de gemeente Hearrenfean ha in kompromis berikt yn harren skeel oer subsydzjes. In nije rjochtsaak is dêrtroch fan de baan. De partijen stiene ferline wike foar de rjochter.

De ynset wie in subsydzje fan 115.000 euro dy't de gemeente Hearrenfean net oan Caleidoscoop betelje woe. Dêrtroch waard doarpshûs De Stoater yn Jobbegea sletten. Hearrenfean sil no wol de kosten betelje dy't Caleidoscoop al makke hat foar in ynvestearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)