Kompjûters út skoalle stellen

14 jul 2008 - 09:52

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn in skoalle oan De Rusken yn Fryske Peallen. Ut de skoalle waarden ferline wike twa kompjûters stellen. De dieder koe it gebou ynkomme troch in doar iepen te brekken.

De plysje docht ek ûndersyk nei in ynbraak yn Koarnwert. Dêr waard dit wykein út in kantoar oan de Sottumerdyk in bedrach fan inkelde hûnderten euro's stellen. Hjir koe de dieder it gebou ynkomme troch in rút iepen te brekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)