Kompjûters foar sike bern

19 aug 2014 - 19:54

Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach krijt sân laptops en trije hygiënyske toetsebuorden fan de stifting Michael-Wings. Dizze stifting set him al jierren yn om ynternet oan it bêd foarelkoar te krijen op berne-ôfdielingen fan sikehuzen en yn soarchsintra. Op dizze wize kinne bern dy't siik binne kontakt hâlde mei de famylje, mei freontsjes en mei skoalle.

De kompjûters wurde takom wike woansdei feestlik oerlange troch fuotbaltrainer Gertjan Verbeek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)