Kompjûters foar ried D'diel

14 apr 2006 - 10:52

De gemeente Dongeradiel lûkt 45 tûzen euro út foar 29 nije kompjûters foar alle rieds- en kolleezjeleden. Mei de pc's kinne sy thús ûnder oare it riedsynformaasje-systeem fia ynternet besjen.

De riedsleden krije fierder hast 90 euro it fearnsjier foar in ynternet-abonnemeit. Dat betsjut in kostepost fan alle jierren goed tsientûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)