Kompjûter foar bern minima

20 nov 2007 - 10:47
  • De gemeente Smellingerlân lûkt jild foar skoalgeande bern út

Minsken yn de gemeente Smellingerlân dy't net folle jild hawwe, kinne foar har skoalgeande bern mei koarting in kompjûter keapje. De gemeente lûkt dêr jild foar út. Betingst is wol dat it bern tusken de 12 en 17 is en mei de kompjûter oerwei kin. Ek moatte de âlden in kursus folgje om te sjen oft har bern de kompjûter wol goed brûkt.

De regeling is ûnderdiel fan it minimabelied fan Smellingerlân dat moandei yn in kommisje bepraat waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)