'Kompensaasjeregeling foar PGB-problemen'

01 jul 2015 - 14:12
  • Martin van Rijn

De frou út Frjentsjer dy't in rjochtsaak tsjin de SVB wûn oer it net útbeteljen fan it PGB-jild, wol mei steatssekretaris Martin van Rijn prate oer in kompensaasjeregeling. Dy soe der komme moatte foar de soarchferlieners dy't yn de problemen kaam binne, nei't de Verzekeringsbank it jild fan it budzjet net op tiid oermakke.

De frou is nefffens har advokaat Eric van der Goot swier teloarsteld dat it ministearje heger berop oantekene hat tsjin de útspraak. Se hopet dat de steatssekretaris dit heger berop ynlûke wol.

Al mear as 2.000 dupearre soarchferlieners ha har melden by de stichting PGB Schadeclaim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)