Kompensaasje foar treinreizger

30 jul 2012 - 12:36

Treinreizgers dy't ôfrûne tongersdei fertraging hiene troch in seinsteuring by Hurdegaryp, krije in VVV-weardebon fan 5 euro as kompensaasje. Dat hat ferfiersmaatskippij Arriva bekend makke. Reizgers dy't yn oanmerking foar de fergoeding komme wolle, moatte wol it ferfiersbewiis of in transaksje-oersjoch fan de chipcard sjen litte.

Troch de steuring ûntstiene ferline wike tongersdei problemen op it spoar tusken Ljouwert en Grins. Freedtemoarn wie der op 'e nij in steuring op itselde ein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)