Kompensaasje foar baneferlies

03 jul 2013 - 16:32
  • Belestingtsjinst

Fryslân ferliest minder ryksbanen as pland wie of se wurde op in oare wize kompensearre. De leden fan de Twadde Keamer wolle dat de minister nei de simmer mei nije plannen komt wat Fryslân en Drinte oanbelanget. Dizze provinsjes wurde te hurd troffen, fine de folksfertsjintwurdigers. It giet om banen by de belestingtsjinst, it Iepenbier Ministearje en de fleanbasis. De kwestje is woansdei yn de kommisje besprutsen. Tongersdei sil de algemiene fergadering fan de Twadde Keamer hjiroer in moasje oannimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)