Kommoasje by rjochtsaak

22 jun 2009 - 16:14

It twadde diel fan de rjochtsaak oer de oerfal op juwelierssaak De Gouden Engel is moandeitemiddei mei in soad kommoasje fan start gien. Fjouwer minsken waarden troch de rjochter fuortstjoerd fan de publike tribune.

De earste fertochte krige moandeitemiddei in eask te hearren fan rom trije jier. De twadde fertochte is in 'swiere jonge'. It giet om in âld Ljouwerter en hy wurdt der ûnder oaren fan fertocht dat hy trije kear de juwelierswinkel oerfallen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)