Kommissarissen nei Beatrix

17 maaie 2013 - 20:05

Prinses Beatrix hat freed ôfskied nommen fan har 36 âld-kommissarissen fan de Keninginne. Hjirûnder wiene foar Fryslân de hjoeddeiske kommissaris fan de Kening John Jorritsma, mar ek Ed Nijpels, Loek Hermans en Hans Wiegel. De keningin krige as geskink fanút Fryslân in faas fan Tichelaar út Makkum. De ald-kommissarissen kamen mei prinses Beatrix byelkoar foar in lunsj yn kastiel De Wittenburg yn Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)