Kommissarissen H'fean opstapt

16 jul 2013 - 18:15

De folsleine ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean, besteande út Wino de Jong, Gerard Brinkman, Chris Mulder en Sybren van der Goot, is tiisdei per direkt opstapt. Se hawwe de útslach fan it rinnende ûndersyk net ôfwachte, dy wurdt op 26 july bekend makke. Earder wie bestjoersfoarsitter Robert Veenstra ek al opstapt.

De kommissarissen wolle de oplossings binnen de klup net yn 'e wei stean en stappe dêrom op. Oant 26 july wol de lieding fan de klup neat sizze oer de reden fan it opstappen.

It stichtingsbestjoer hat al nije tydlike kommissarissen oansteld, nammentlik Boele Staal, Sjoerd Feenstra en Egbert van Hes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)