Kommissarissen Caparis lizze funksje del

22 maaie 2015 - 14:23
  • Caparis

De ried fan kommisssarissen fan Caparis hat syn funksje dellein. No't de Partisipaasjewet ynfierd is, moat it wurkfoarsjenningsskip in nije struktuer krije. De ried fynt dit in 'natuerlik' momint om ôf te treden.

De oandielhâlders fan Caparis - dat binne acht Fryske gemeenten - sille no in nije bestjoersstruktuer ynfiere. Foarsitter Robert Veenstra fan de ried fan kommisarissen bliuwt noch wol in skoft yn funksje om saken ôf te hanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)