Kommissaris stipet eks-PVV'ers

23 mrt 2014 - 09:24
  • Kommissaris fan de Kening John Jorritsma
  • PVV

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma respektearret de kar dy't de steateleden Otto van der Galiën en Pieter Buisman makke hawwe om út de PVV te stappen. De twa steane net efter útspraken dy't partijlieder Geert Wilders woansdei die oer Marokkanen yn ús lân. De kommissaris fynt de útspraken ek te fier gean.

Max Aardema bliuwt as iennichst PVV-steatelid oer en hat noch gjin beslút naam oer de fraach oft hy wol of net út de partij stapt. Ek is noch ûndúdlik oft Van der Galiën en Pieter Buisman yn de Steaten bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)