Kommissaris Nijpels werbeneamd

07 jul 2004 - 09:47

Kommissaris fan 'e keninginne Ed Nijpels (54) mei noch seis jier yn Fryslân bliuwe. It ministearje fan ynlânske saken hat tiisdei befêstige dat Nijpels by Keninklik Beslút werbeneamd is foar in nije termyn fan seis jier.

De nije termyn giet yn op 1 jannewaris 2005. Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene minister Remkes fan ynlânske saken in wykmannich lyn frege om Nijpels termyn te ferlingen oant 2011.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)