Kommissaris Jorritsma te sprekken oer Miljoenenota

15 sep 2015 - 21:26
  • Prinsjesdei

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma is net ûntefreden oer de miljoenenota. De spearpunten ekonomy, banegroei en ûnderwiis slute aardich oan by de Fryske polityk. De provinsje Fryslân wurdt mar op ien plak echt neamd en dat is as it giet oer de Ofslútdyk, dat wurdt neamd as in foarbyldprojekt foar duorsumens.

Minder posityf is dat de komst fan drones nei de fleanbasis yn Ljouwert om finansjele redenen foarearst útsteld is. Mar neffens Jorritsma is him fersekere dat it om útstel en net om ôfstel giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)