Kommissaris Jorritsma praat partijen by oer wynmûnekwestje

02 des 2014 - 21:25

De fraksjefoarsitters fan de politike partijen yn de Fryske steaten binne tiisdei bypraat oer de wynmûnekwestje. Kommissaris fan de Kening Jorritsma hie de politike kopstikken byinoar roppen foar in ynformaasjegearkomste nei oanlieding fan de resinte ûntwikkelings. Ofrûne wykein lieten sawol it CDA as de PvdA witte foar in wynmûneplan by de Ofslútdyk te wêzen.

Jorritsma hat oanjûn wat sa'n beslút betsjutte sil yn Den Haach. De kommisje praat woansdei oer de wynmûnekwestje. Oer twa wiken binne de Steaten oan set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)