Kommissaris John Jorritsma: 'ljipaaidiskusje triviaal'

09 jan 2015 - 20:03

Kommissaris John Jorritsma hat skjin syn nocht fan de reboelje yn Fryslân oer it wol of net oannimmen fan it earste ljipaai. Hy neamt de diskusje triviaal yn in tiid dat de wrâld drok is mei frede en feiligens. Dat sei er freed nei ôfrin fan syn taspraak op de nijjiersgearkomste fan de provinsje. Jorritsma nimt it earste aai mei alle wille oan salang't it falt ûnder de betingsten dy't de provinsje dêroan stelt. Hy nimt fierder gjin stânpunt yn.

De kommissaris stie yn syn taspraak stil by de driigjende tiid dêr't we yn libje.

Mar hy hie ek hoopfolle wurden oer de Fryske ekonomy en de bydrage dy't de provinsje dêroan leveret. Ein dizze moanne sil de provinsje bekend meitsje dat mei help fan jild fan de provinsje wer hûndert jonge minsken oan in baan holpen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)