Kommisjewei De Pein iepene

17 nov 2012 - 17:49
  • De iepening fan de fernijde Kommisjewei

De fernijde Kommisjewei tusken Drachten en Nyegea is hielendal klear. Sneontemiddei is de dyk offisjeel iepene troch wethâlder Marjan van der Aart fan Smellingerlân. De Kommisjewei is it ôfrûne healjier yngripend ferboud. Sa is de dyk feiliger makke, is der in oare ferljochting kaam en is der no mear grien te finen.

Hjirtroch krije benammen guon buorskippen mear it karakter fan it doarp. Fierder is de dyk ek stadiger makke. Op guon stikken mocht eartiids 80 km de oere riden wurde, dat is no 60 km yn de oere.

It stadiger meitsjen fan bûtendiken is hjoed-de-dei lanlik belied en dat kinne wy de kommende tiid sadwaande mear ferwachtsje yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)