Kommisje skea fan boaiemdelgong

23 jun 2001 - 00:00

Boargers kinne tenei makliker skea ferhelje fan boaiemdelgong. It giet om fersakke huzen troch it winnen fan gas of sâlt. In ûnôfhinklike kommisje, ûnder lieding fan âld-steatssiktaris Tommel, sil advys jaan.

Tommel ferwachtet dat de maatskippijen har by de kommisje dellizze sille. De kommende tiid wurdt foarljochting jûn. Moandei is dat op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)