Kommisje krijt hantekeningen

26 jun 2013 - 11:03
  • De keamerkommisje

Foarsitter Geert Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging hat woansdeitemoarn 12005 hantekens ta stipe oan Omrop Fryslân oanbean oan de keamerkommisje fan OCW. Dy kommisje praat hjoed oer de takomst fan de publike omrop en Omrop Fryslân. Benedictus frege de keamerleden om, wat Omrop Fryslan oangiet, it advys fan de kommisje Hoekstra as útgongspunt fan belied te nimmen.

Dy útgongspunten binne in eigen stjoerder, foldwaande radio en tv yn it Frysk en foldwaande middels om it te meitsjen.

By it oanbieden fan de petysje wiene keamerleden oanwêzich fan CDA, CU, VVD, SP en D66. Hjirby wiene ek de keamerleden Aukje de Vries en Sander de Rouwe. Sy reagearren optein op de petysje fan Fryske Beweging en Freonen fan Omrop Fryslân. By it mediadebat yn de Twadde Keamer sil grif ek oer Omrop Fryslân praat wurde. Oft dat ek dúdlikheid opleveret is ûnwis. Steatssiktaris Dekker wol earst advys fan de Ried foar Kultuer oer de publike omropen en earst dêrnei, yn de rin fan 2014, besluten nimme.

Neffens de oarspronklike plannen fan Dekker moatte regionale en lanlike omroppen op syn lêst yn 2016 'yntegrearje' en derby tagelikertiid 25 miljoen euro ynleverje. Dat plan wie de ofrûne winter ek de oanlieding foar de hantekenaksje. De 12005 hantekens waarden yn fjouwer wike tiid ophelle. Neffens Benedictus in prima resultaat. Op nasjonale skaal soene dat der 350.000 weze, in dúdlik signaal dat Omrop Fryslân libbet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)