Kommisje foar Polderhoofdkanaal

27 aug 2009 - 11:30
  • Kommisje moat sjen oft flaters makke binne by befarber meitsjen

In ûnôfhinklike kommisje moat ûndersykje oft der flaters makke binne by it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Dat wolle fiif gemeenteriedsfraksjes yn Opsterlân.

It Polderhoofdkanaal soarget al skoften lang foar diskusje, by sawol de polityk as de omwenners en ferskate miljeuorganisaasjes. Begjin 2008 waard it wurk oan it kanaal stillein nei beswieren fan omwenners en natuerbeskermers. It wurk is noch hieltyd net oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)