Kommersjelen 'jeie' op Kramer

24 nov 2004 - 10:10

De kommersjele reedrydploegen TVM en Team Telfort besykje op dit stuit beide om talint Sven Kramer (18) fêst te lizzen. Neffens de trener fan Kramer, Kolder, operearje de ploegen hjirby op spastyske wize. Sadree't Kramer mei immen fan 'e iene ploech praat hat, wurdt er belle troch de oare ploech.

Kramer mei yn maart 2005 oerstappe nei in kommersjele ploech. Peter Kolder wol no dat der in dúdlik transfersysteem foar it reedriden komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)