Kommersjeel manager SC Hearrenfean Jetten op non-aktyf

01 okt 2015 - 19:49

Kommersjeel manager Joost Jetten is by Sportklup Hearrenfean op non-altyf setten. De kommersjeel direkteur Wim Dijk hat dat besletten. De kommersjele ôfdieling soe gjin fertrouwen mear ha yn Jetten. Neffens Dijk ha sa'n fyftjin personielsleden harren hantekening setten om der foar te soargen dat Jetten fuort moat.

Neffens Ben Takkenberg, lyk as Dijk ek direksjelid en ferantwurdlik foar algemene saken en feiligens, moat op grûn fan de statuten in mearderheid fan de direksje hjir tastimming foar jaan en is dêr gjin sprake fan.

Neffens Dijk hoecht dat hielendal net en kin hy dizze beslissing nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)