Kommentaar op brearinners by Loop Leeuwarden

05 jun 2015 - 11:16
  • winner Loop Leeuwarden 2014

De organisaasje fan it hurdrinevenemint Loop Leeuwarden is net fan plan om it ynskriuwingsbelied te feroarjen. Der is by dielnimmers út Noard-Nederlân kommentaar oer it meidwaan fan saneamde brearinners.

Hurdrinners út bygelyks Kenia of Marokko komme gauris nei Nederlân en oare lannen om mei te dwaan oan hurdrinwedstriden. Om't se hiel hurd drave, winne se it prizejild en sa ha lokale dielnimmers gjin kâns. De ynskriuwing bliuwt iepen, de organisaasje wol gjin minsken útslute. Reis- en ferbliuwskosten betellet de organisaasje lykwols net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)