'Komkommer frij fan baktearje'

29 maaie 2011 - 16:26

Komkommers en tomaten fan Nederlânske túnkers binne frij fan de gefaarlike EHEC baktearje. Dat seit túnker Hartman fan Seisbierrum. De baktearje is allang bekend en dat jildt ek foar de wize dêr't komkommers en tomaten op besmet wurde kinne.

De brânzje hat te lijen fan it nijs yn Dútslân. Dêr binne acht minsken stoarn nei it iten fan besmette tomaten en kommers, dy't nei alle gedachten ynfierd binne út Spanje. Dêr wurdt oars omgien mei bistedong en wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)