Komerk bêste lisplak

29 jul 2011 - 18:09

Jachthaven de Komerk yn Eastermar is mei 85 punten de winner fan de ferkiezing fan bêste lisplak fan Fryslân. De Krúspôle yn de Fluezen waard mei 77 punten twadde, de Prinsetún yn Ljouwert mei 38 punten tredde. Minsken koene stimme fia de webside www.simmerynfryslan.nl. De útslach is kombinearre mei dy fan de faksjuery, Jan de Jong fan it Wettersportbûn. Nei it bêste lisplak giet Omrop Fryslân fan 20 augustus ôf op syk nei de bêste camping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)