Kombinearde kontrôles sukses

14 jul 2004 - 17:35

De kombinearde miljeukontrôles fan ge- meenten en wetterskip binne in sukses. Dat docht bliken út in proef yn trije Fryske gemeenten. De kontrôles waarden kombinearre op fersyk fan de boeren dy't ynspekteurs fan de ferskillende ynstânsjes op besite krigen.

Troch der ien kontrôle fan te meitsjen, koste it de boeren minder tiid. Mei- elkoar binne der sa 60 kontrôles útfierd en de boeren wiene dêr goed oer te sprekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)