'Kom net yn bosk en park'

29 okt 2013 - 11:13
  • Beam stiet op omfallen yn park by Stania State by Oentsjerk

It is te gefaarlik om bosken en parken yn te gean. Troch de swiere stoarm fan moandei kinne in soad loshingjende tûken en beammen nei ûnderen ta komme. Dat hat Steatsboskbehear bekend makke. De natuerorganisaasje ropt op om net yn beamgebieten te kommen.

Steatsboskbehear hat it smoardrok mei it opromjen fan omwaaide beammen. Ferskate ploegen binne yn de bosken dwaande mei kappen en seagjen. Nei alle gedachten binne der yn hiel Fryslân tûzenen beammen omwaaid.

Yn it park Stania State yn Oentsjerk binne tachtich beammen omwaaid. Der sitte beammen by dy't wol hûndert jier âld binne. In wurkploech is dwaande om de paden wer begeanber te meitsjen. De ferwachting is dat de ploech noch in pear wiken dwaande is om alle beammen en tûken op te rêden.

Yn de Ljouwerter Bosk is ek in soad skea. Tsientallen beammen binne knapt as lusiferprikjes. Meiwurkers fan de gemeente ynventarisearje de skea en besjogge wat der barre moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)