Kollumersweachster fytsedieven

02 aug 2012 - 11:43
  • Oanhâlden

De plysje hat by Bûtenpost fjouwer jonges út Kollumersweach oanhâlden. De fjouwer wurde derfan fertocht by it stasjon yn Bûtenpost in fyts stellen te hawwen. Neidat in tsjûge dat by de plysje meld hie, koene de jonges op in fytspaad by de Jeltingaleane oanhâlden wurde. Se hiene de fyts by har.

De fjouwer fan 16 en 17 jier âld binne meinaam nei plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)