Kollumeroord ûntfangt earste 20 flechtlingen

23 des 2015 - 11:41
  • Kollumeroord

De earste groep fan 20 flechtlingen komt woansdeitemiddei oan by de groepsakkommodaasje Kollumeroord. Tongersdei folget in twadde groep fan 20 minsken. De akkommodaasje biedt romte oan 125 minsken. Sa't it no liket komme der nei de krystdagen mear flechtlingen nei Kollumeroord.

De gemeente Kollumerlân hat de akkommodaasje oanbean by it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)