Kollumerlân wurdt bûtensletten

28 jun 2011 - 19:40

Kollumerlân fielt him bûtensletten by de gemeentlike fúzje tusken Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Achtkarspelen wol de gearwurking mei Kollumerlân ôfbouwe en allinne mei Tytsjerksteradiel fierder.

Yn in iepen brief oan de kollega's yn Achtkarspelen sizze de riedsleden dat se teloarsteld binne dat der op dizze wize oan de goeie gearwurking foarby gien wurdt. Kollumerlân hat ferline jier keazen foar weryndieling mei de suderbuorlju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)