Kollumerlân wol fusearje

13 des 2012 - 23:55
  • It gemeentehûs fan Kollumerlân wurdt blau beskynd

De ried fan Kollumerlân hat tongersdeitejûn ynstimd mei in fúzje mei Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel. Dat betsjut dat Kollumerlân ophâldt te bestean en opgiet yn in grutte gemeente yn Noardeast-Fryslân.

In mearderheid fan de ried fynt it net ferstannich dat Kollumerlân selsstannich bliuwt. Allinnich de FNP wie it net iens mei it foarstel ta opheffing fan de gemeente. De partij tinkt dat de problemen mei gearwurking op te lossen binne. It kolleezje sil de kommende tiid mei de oare gemeenten yn oerlis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)