Kollumerlân wol fan gebed ôf

06 maaie 2014 - 11:59
  • Gemeente Kollumerlân

De ChristenUnie yn de gemeente Kollummerlân is fernuvere oer de mooglike ôfskaffing fan it amtsgebed by de riedsfergaderingen. It giet benammen om de reden dy't opjûn wurdt foar de ôfskaffing. De nije koälysje fan FNP, VVD en PvdA wol dit fanwege de multykulturele gearstalling fan de befolking.

De Christen Unie fynt dit ûnsin. Der binne neffens de partij gjin sinjalen dat it gebed ta yrritaasje liede soe by de befolking. Boppedat twifelje se deroan oft Kollummerlân in multykulturele mienskip hat.

De ChristenUnie fynt dat de partijen earlik wêze moatte. As se neat mei it gebed hawwe, dan moatte se dat gewoan sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)