Kollumerlân: oerlêst oanpakke

03 jan 2007 - 06:31

De gemeente Kollumerlân nimt maatregels om de oerlêst fan jongeren te ferminderjen. Boargemaster Bilker wol dwersbongels dy't net om lyk wolle mei harren âlden útnoegje om te praten oer de problemen. It giet dan benammen om jongerein fan de Westerein. Dat leit yn de gemeente Dantumadiel.

Neffens Bilker is datsoarte jeugd de omjouwing, mar ek harsels ta grutte lêst, benammen om't de problemen faak feroarsake wurde troch alkoholmisbrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)