Kollumerlân by It Fean

09 des 2006 - 12:38

Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is freed de aksje Vul je vak úteinset. Njoggen gemeenten kinne elk by in thúswedstryd fan It Fean 650 minsken meinimme nei it stadion.

Sa kin de gemeente promoten wurde en komme der ris oare minsken yn it stadion. Kollumerlân wie freed de earste. De ynwenners fan de gemeente sieten mei kleurige sjaals en petten byinoar. Yn de rêst wie in reportaazje oer Kollumerlân op fideo te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)