Kollumerlân helpt buorgemeente

10 feb 2005 - 11:24

Kollumerlân hat plannen om 50.000 euro te jaan foar de oanlis fan in fytspaad yn buorgemeente Zuidhorn. Neffens boargemaster en wethâlders sille skoalbern út Kollumerlân gebrûk meitsje fan it paad tusken Muntsjesyl en 't Hoekje at se nei it Lauwerskolleezje yn Grijpskerk fytse.

Mei de bydrage fan Kollumerlân is de finansiering noch net rûn. Zuidhorn rekkent ek op jild fan de provinsjes Grinslân en Fryslân en fan Brussel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)