Kollumerlân fiert WVG goed út

23 feb 2007 - 10:22

Kollumerlân hat it goed dien mei de Wet Voorziening Gehandicapten. Dat seit de rekkenkeamer fan de gemeente. Dy beseach de útfiering fan de wet.

Ut dat ûndersyk hat bliken dien dat de oanfragen foar en útjeften fan bygelyks rollators en oanpaste húskes meastentiids goed ferrûn is. Der binne ek saken dy't better kinne. Sa soe it neffens de rekkenkeamer goed wêze om mei oare gemeenten yn de regio gear te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)