"Kollumerlân ek mei yn fúzje"

16 okt 2009 - 08:01

Dongeradiel hâldt te krampachtich fêst oan in fúzje mei allinne Dantumadiel. Dat fine ferskate fraksjes yn de ried. De kolleezjes fan beide gemeenten ha sein dat se de kommende jierren nei in gearfoeging tagroeie wolle. Mar de fraksjes yn Dongeradiel misse Kollumerlân yn dat gearwurkingsferbân.

Boargemaster Waanders seit dat skaalfergrutting neidielen hat en dat in gemeente mei ek Kollumerlân derby wolris te grut wurde kin. De ôfstân nei de minsken wurdt ek te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)