Kollumerlân bêste wenplan

16 nov 2000 - 12:31

Kollumerlân hat woansdei de provinsjale priis foar it bêste wenplan wûn. Neffens in ûnôfhinklike sjuery giet de gemeente tige goed mei de wenningfoarried om. Ek ha se in ambisjeus wenplan fêstlein.

Benammen it ynskeakeljen fan wenningboukorporaasjes, bewenners en riedskommisjes foel goed by de sjuery. It Kollumer wenplan soe sels as foarbyld foar oare gemeenten jilde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)