Kollumerlân: 500 nije wenten

01 mrt 2006 - 08:00

De gemeente Kollumerlân krijt der de kommende fjouwer jier fiifhûndert nije wenten by. De measte huzen komme yn Kollum te stean, mar Aldwâld, Kollumersweach en Kollumerpomp krije ek in tal.

De kosten rinne tsjin de 10 miljoen euro. Yn 2009 moatte alle hûzen klear wêze. Foar de nijbou moatte ek huzen sloopt wurde. De bewenners dêrfan krije wiidweidich ynformaasje fan de gemeente oer de sloop- en nijbouplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)