Kollumerlân praat oer takomst

26 mrt 2012 - 09:47
  • Gemeente Kollumerlân

Kollumerlân hâldt yn april trije byienkomsten om mei ynwenners, ynstellingen en bedriuwen te praten oer de takomst fan de gemeente. Kollumerlân ûndersiket op dit stuit trije takomstsenario's. De opsjes binne gearwurking mei Dantumadiel en Dongeradiel, fúzje mei dy gemeenten of Kollumerlân as rezjygemeente. Dêrby leit de gemeente guon taken yn kontrakten fêst.

Moandei 16 april is de earste byienkomst, yn De Colle yn Kollum. Dêrnei binne der noch byienkomsten op 23 en 25 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)