Kollumer rekket rydbewiis kwyt

27 okt 2009 - 10:07

In 19-jierrige man út Kollum moast moandei it rydbewiis ynleverje omdat er fierstente hurd ried. Op de Lauwersmarwei by Aldwâld ried de man mei hast 150 kilometer yn 'e oere in lasergunkontrôle foarby. 80 is dêr it maksimum.

De bestjoerder helle mei deselde snelheid op in krusing in auto yn. Ek ried er oer in stik fan de dyk dêr't er net oerhinne mocht. De man krige ek noch proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)