Kollumer oppakt foar drugsbesit

07 jan 2006 - 17:35

In 30-jierrige Kollumer is freed yn Bûtenpost oppakt op fertinking fan it yn besit hawwen fan drugs. De man ried slingerjend en te hurd yn syn auto oer de Van Limburg Stirumwei. Hy negearre in stopteken, mar de plysje koe him dochs oanhâlde.

It die bliken dat de bestjoerder en syn 27-jierrige passazjier de rimen net om hiene. De manlju hiene boppedat ferskate soarten drugs by har. Nei alle gedachten amfetamine, speed en weed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)