Kollumer nachts thús oerfallen

02 jun 2011 - 13:01

In man út Kollum (37) is yn de nacht nei Himelfeartsdei yn syn eigen hûs oan de Kievitstraat oerfallen. Hy waard om healwei trijen wekker fan twa manlju dy't by him yn de keamer stiene. Se hiene bivakmûtsen op.

De oerfallers grypten de bewenner fêst en sloegen him. It slachtoffer raasde sa lûd dat syn húsgenoat der wekker fan waard. Dy hat ien fan 'e oerfallers in klap jûn. Dêrop liet dy it slachtoffer los. De oerfallers naaiden dêrnei út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)