Kollumer jeugd wol pretpark

09 jan 2004 - 00:00

De Kollumer jeugd wol sa gau mooglik in pretpark by it doarp. Om har winsk dúdlik te meitsjen ha fjouwer basisskoallelearlingen tongersdei goed 550 hantekens oanbean oan wethâlder Hogendorp. Dy sei ta neitinke te wollen oer de ideeën fan de jeugd.

Earder woe ûndernimmer Van der Most in grut pretpark by Kollum oanlizze. De gemeente fielde lykwols neat foar de lokaasje. De gemeente wol wol mei Van der Most prate oer in oare lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)