Kollumer bedriget meiwurkers soarchynstelling mei mes

31 jan 2015 - 10:29

In 54-jierrige man út Kollum is freedtejûn oanhâlden omdat hy meiwurkers fan in soarchynstelling yn Kollum bedrige hat mei in mes. De plysje waard troch de meiwurkers belle en doe't se oankamen siet de man op 'e stoel. Hy joech it mes fuortendaliks oan de plysje.

De man is oanhâlden en meinommen nei it buro foar ferhoar. In 43-jierrige meiwurkster docht oanjefte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)