Kollumer azc dochs oan Loré-wei?

26 mrt 2002 - 00:00

Der is grutte kâns dat it nije asylsikerssintrum yn Kollumerlân dochs oan de Willem Loré-wei yn Kollum komt. De azc-projektgroep mei dêryn alle fraksjefoarsitters fynt dat dy lokaasje fierder ûndersocht wurde moat.

De Willem Loré-wei wie foar de reboelje oer it azc yn Kollum trije jier lyn, ek al yn byld. In oare lokaasje dy't ûndersocht wurdt is de Hessewei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)