Kollumer asylsikers wolle werom

28 feb 2003 - 00:00

De twa asylsikersgesinnen dy't begjin jannewaris fan It Amelân nei Kollum ferhuze binne, wolle werom nei it waadeilân. Reden is dat de oare asylsikers dêr oant de simmerfakânsje bliuwe meie. It COA hat witte litten net oan de weromtocht meiwurkje te wollen.

Boargemaster Verhoeven fan Amelân wol de sitewaasje fan de twa gesinnen takom wike oankaarte yn in petear mei de direkteur fan it COA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)