Kollumer asylsikers net werom

05 mrt 2003 - 00:00

De asylsikers dy't fan It Amelân nei Kollum ferhuze binne, meie net werom nei it eilân. It COA jout har der gjin tastimming foar. Dat bepaalde direkteur Wouters tiisdei.

De twa gesinnen wiene yn jannewaris frijwillich nei Kollum gien om't de opfang op It Amelân tichtgie. No't it COA lang om let besletten hat dat alle asylsikers op it Amelân bliuwe meie, wolle ek de 'Kollumer' flechtlingen wer werom. Dat mei dus net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)